ABD-sjoo 0409 Fryske taalkwis

31 Maaie 2005

Yn de njoggende ôflevering fan it fjirde seizoen ABD-sjoo nimme tal fan basisskoallen it tsjin inoar op yn de Fryske taalkwis. Oan de hân fan filmkes krije de bern fragen oer de Fryske taal. De skoallen dy't meidogge, binne: It Finster út Warkum, De Rank fan De Tynje, De Hoekstien út Surhústerfean, De Paadwizer út Sint-Nyk, De Opdracht út Oerterp, Rehoboth út Fryske Peallen, De Stjelp út Baard, De Klinkert út Sleat, De Balsemyn út Eastermar, De Bongerd út Achlum, De Wel yn Broeksterwâld, Dûbel Ien út Suwâld, De Krunenstrobbe út Jorwert, Us Nije Gea út Ealahuzen en Lytse Mienskip út Haskerhoarne. Presintaasje is yn hannen fan Sjonny Eagle (Jan Arendz).